HEA! De helpers fan de podden

12 mrt 2020 - 14:56

Podden geane yn dizze tiid oan 'e kuier, op 'en paad nei it plak dêr't se pearje wolle. Yn Beetstersweach moatte se dan de drokke Poostwei oerstekke. Der is hjir in skerm pleatst om de podden tsjin te hâlden. De podden dy't oerstekke wolle, falle yn amers. Klaas Dijksma is ien fan de frijwilligers dy't de podden dan fierder helpe. Mar, wêr binne se?

(advertinsje)
(advertinsje)