Boargemaster Buma slút wenning yn Ljouwert fanwegen himpkwekerij

12 mrt 2020 - 14:26

Boargemaster Sybrand Buma hat tongersdei in wenning oan de Nijlânsdyk yn Ljouwert sletten fanwegen in himpkwekerij. De wenning is trije moannen lang net tagonklik.

Foto: Pixabay

De plysje hat yn jannewaris dit jier in himpkwekerij oantroffen yn Ljouwert. Yn de wenning binne 215 himpplanten, groeimiddelen, fentilatoaren, in foedingskompjûter en guod dat nedich is om te knippen oantroffen.

De boargemaster hat it foech om wenningen te sluten as dêr softdrugs of guon foarwerpen of stoffen oantroffen wurde dy't bestimd binne foar himpkwekerijen. Dat stiet yn de Opiumwet.

(advertinsje)
(advertinsje)