Bedriuw út Boalsert yn problemen troch corona: "We ferlieze 80 persint fan it wurk"

Sa'n 40 prosint fan de klanten fan audiofisueel bedriuw MHB út Boalsert hat ôfsein. It bedriuw leveret ljocht en lûd oan in grut tal eveneminten yn Fryslân en fier dêrbûten, mar no't it coronafirus om him hinne slacht, giet in hiel soad dêrfan net troch. "Us personiel komt aanst thús te sitten", sa seit Martin Hylkema fan MHB.
Sjoch hjirûnder nei in ynterview mei Martin Hylkema fan MHB:
MHB Boalsert
"De aginda rint al leech. Op dit stuit binne likernôch 40 persint fan ús opdrachten ôfsein. En we ferwachtsje dat we yn de kommende twa moannen sa'n 80 persint minder wurk hawwe", seit Hylkema. "Dy ynfloed is bêst wol grut. Der wurkje hjir tsien minsken yn fêste tsjinst en dan hawwe we noch in groep fan 30 oant 40 freelancers. Dy sille aanst thús komme te sitten."

Oplossing betocht

Om foar te kommen dat it bedriuw hielendal slút, hat it bedriuw fan Hylkema in oplossing sa 't guon ôfspraken dochs noch troch kin gean. "We ha in konsept betocht om in evenemint omsette te kinnen nei in online live-evenemint. Minsken gean dan net mear fysyk nei in evenemint ta, mar kinne fia harren kompjûter, iPad of telefoan ynlogge op in evenemint. Dan kinne se ek fragen stelle oan in sprekker. Op dy wize kinne wy dochs ús tsjinsten fersoargjen bliuwe. Miskien kinne we dan fan in 'nood een deugd' meitsje", sa seit Hylkema.