'Boek zoekt Bezorger' yn Noard-Fryslân

12 mrt 2020 - 13:54

De biblioteken yn Noard-Fryslân binne op syk nei besoargers. Jonge besoargers. It is de bedoeling dat jongeren, mei in pakket boeken, by âlderein delgean, dy't sels net mear yn steat binne nei de biblioteek te kommen.

It giet om in sosjale bybaan, de jongeren krije dus gewoan betelle seit Sylvia Laarman. Sy is koördinator fan it projekt: "Wy wolle graach dat elk boeken lêze kin. Dus asto sels net mear komme kinst, soargje wy derfoar dat dat dochs noch kin. Dus dêr wolle wy graach skoalbern foar ynhiere."

Betelle bybaan

It giet dus perfoarst net om it sykjen fan frijwilligers, sa leit Laarman út. "Foar de skoalbern is it in bybaan. Wy hâlde ús gewoan oan it minimum jeugdlean, lykas yn de supermerk. Dan giet it neffens my om bedraggen, út myn holle 2 euro 90 yn de oere ast 15 bist. Mar it giet ús ek om it sosjale kontakt. Wy sizze ek, meitsje in praatsje, bliuw foar in bakje kofje, hast gjin haast. En de bern kin dat gewoan deklarearje."

Op dit stuit binne der sa'n 110 minsken dy't de service fan de biblioteek brûke, mar der binne op dit stuit mar 7 jongeren dy't de boeken by minsken thús bringe. Dêrom komt it no faak del op meiwurkers fan de biblioteek sels om de boeken te besoargjen. It soe neffens Laarman moai wêze wannear't it tal besoargers ferdûbelje. "Bern moatte minstens 15 jier wêze, en in bytsje selsstannich wêze. En in goeie fyts, want sa no en dan moast wol in stikje op paad. En dat kin gean om skoalbern út it noarden fan Fryslân fan Harns oant Surhústerfean ta, boppe Stiens del. En dêr hearre de eilannen ek by."

Wannear't minsken de service brûke wolle, krije se earst in petear. Dêryn wurdt dúdlik hokker boeken minsken lêze wolle. Op in gegeven momint kinne de skoalbern it sels ek útsykje, om't se harren kliïnten ek kennen leare troch de tiid hinne.

Gefolgen coronafirus

Mei it each op de útbraak fan it coronafirus, en it feit dat de brûkers fan it projekt meastentiids kwetsbere minsken binne, wurdt besoargers op it hert drukt dat se de kommende tiid foarsichtich wêze moatte. "Wy sizze tsjin elkenien, ek de skoalbern dy't foar ús wurkje, dat se it advys fan it RIVM yn 'e gaten hâlde moatte. Gjin hannen skodzje, net tútsje, waskje wat faker de hannen. It binne dochs faak âlderen, dêr moatte wy wol rekken mei hâlde."

(advertinsje)
(advertinsje)