Corona hâldt ek Cambuur yn 'e besnijing: "Wenne foar my, want ik sit altyd oan elkenien"

12 mrt 2020 - 13:32

Sa't it no stiet, wurdt der freedtejûn fuotballe yn it Cambuurstadion. De Ljouwerters krije besite fan it Brabânske NAC Breda. Dochs soe de wedstriid noch ôfsein wurde kinne, as de Veiligheidsregio Fryslân beslút dat it net ferantwurde is om safolle minsken byinoar komme te litten. It hâldt de Cambuurspilers en stêf ek yn de besnijing.

Henk de Jong moat der sels ek om tinke:

De fraach oft it trochgiet, spilet ek by trainer Henk de Jong. Al hat er dêr gjin goed antwurd op. "Ik wit it net, ik bin gjin dokter. Ik hie it wol ferwachte dat we spylje tsjin NAC, mar ik wit net hoefolle folk oft der meikomt. It is no ek al yn Ljouwert, Drachten, oeral. Oare lannen sizze dat we gek binne hjir, mar ik soe it net witte", seit De Jong oer it coronafirus.

Sels moat er der ek om tinke. En dat docht de Drachtster dan ek. "Ik begjin der hieltyd mear rekken mei te hâlden. It is efkes wennen foar my, want ik sit altyd oan elkenien omdat ik sa bin. Mar je moatte even ôfstân hâlde, even net foar groepen prate en yn gelegenheden komme mei in soad minsken."

Foto: Orange Pictures

Gjin punten ferspylje

Dochs sjocht De Jong ek gewoan foarút op de wedstriid fan freed. Om't dy, sa't it no stiet, trochgiet. "It coronafirus mei ús wedstriid net bepale, ek al is dat hiel raar, want de hiele wrâld stiet op de kop. Mar we moatte gewoan fuotbalje. Meist gjin punten ferspylje, omdatst mei de kop op in oar plak sitst."

Syn spilersgroep stiet der goed foar. De al langer blessearre Jordy van Deelen, Mitchel Paulissen, Issa Kallon en Giovanni Korte binne der net by. "De seleksje is top, hartstikke goed. De fêste jonges misse. Foar de rest stiet it der hiel goed op."

De Jong wit noch net oft er wizigings trochfiert yn syn opstelling.

Sonny Stevens hopet dat de wedstriid freed trochgiet:

Doelman Sonny Stevens hopet dat de wedstriid freed gewoan trochgiet. Tongersdeitemoarn is de seleksje bypraat troch direkteur Ard de Graaf oer hoe't it derfoar stiet, fertelt Stevens. "Ard heeft vanochtend een zegje gedaan over hoe alles ervoor staat, dat is duidelijk. Ik wil graag voetballen, dus ik vind het prima dat het doorgaat."

Knop omsette net dreech

Is it dan wol ferantwurde dat NAC mei hûnderten supporters nei Ljouwert komt? Dat freget Stevens him ek ôf: "Het enige dat ik krom vind: Jong PSV wordt afgelast, terwijl daar 200 man zitten. Hier komen dan wel 400 Brabanders heen. Maar mijn mening is daar niet heel relevant in, volgens mij." Sa't it no stiet komt Cambuur freed gewoan yn aksje. "We hebben een normale week gedraaid naar de wedstrijd toe, dus de knop omzetten is niet heel moeilijk."

(advertinsje)
(advertinsje)