Loftmachtoefening Frisian Flag op Ljouwerter fleanbasis giet net troch

12 mrt 2020 - 13:32

De grutte militêre loftmachtoefening Frisian Flag giet oer twa wiken net mear troch. Definsje hat dat tongersdei besletten, fanwegen de ûntwikkelingen fan it coronafirus. Frisian Flag soe fan 23 maart oant en mei 3 april hâlden wurde by de fleanbasis yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

By de oefening soene sa'n fyftich fleantugen komplekse trainingsmisjes útfiere. Om't der dielnimmers út in soad ferskate lannen meidwaan soene, is besletten de oefening net trochgean te litten. Der soene ek minsken fan Definsje út Noard-Brabân helpe op de fleanbasis.

Ek oare oefeningen skrast

Njonken Frisian Flag giet ek in ûnderdiel fan in helikoptertraining yn Dútslân net troch. Ek de ynternasjonale oefening Cold Response yn Noarwegen is stillein.

Definsje hie goed 150.000 flyers drukke litten, om de minsken yn de omjouwing te ynformearjen oer Frisian Flag. Guon minsken krije dy miskien noch yn 'e brievebus.

(advertinsje)
(advertinsje)