Ferwûne bussjauffeur hat stikkene noas en harsenskodding, fertochte oppakt

12 mrt 2020 - 13:19

De bussjauffeur dy't woansdeitemiddei ferwûne rekke by in fjochtpartij yn Drachten hat in harsenskodding en in stikkene noas. De plysje hat yntusken in fertochte oppakt. De sjauffeur hat oanjefte dien fan swiere mishanneling.

Foto: ProNews

Bauke Hiemstra, in kollega fan de ferwûne sjauffeur fan Dalstra fertelt it ferhaal. "It hat in groepke minsken west dy't ûnderling spul hiene, dêr sieten al minsken fan yn in touringcar fan ús. Der wie in groepke út Bûtenpost wei, en in groepke út Drachten wei. Op in gegeven momint woene de bussen fuortride, en doe hawwe se de bussen tsjinholden. Doe is de iene sjauffeur bedrige, en binne de oare sjauffeurs der hinne gien. Doe hat ien fan dy sjauffeurs in kopstjit krigen fan dy jonges. Dêrtroch hat er dus syn noas brutsen en in harsenskodding krigen."

Fertochte oppakt

Ien fan de dieders is yntusken oppakt, hy is sels nei it plysjeburo gien. De sjauffeur is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Nei omstannichheden giet it mei de sjauffeur wol reedlik. Hy is woansdeitejûn om 9 oere hinne ûntslein út it sikehûs en leit no thús. De sjauffeur en Dalstra reizen hawwe oanjefte dien tsjin de jonges.

Bauke Hiemstra leit út wat der no krekt barde

(advertinsje)
(advertinsje)