Seizoen UNIS Flyers fuortendaliks foarby troch coronafirus

It seizoen fan de iishockeyers fan de UNIS Flyers is fuortendaliks foarby. It bestjoer fan de BeNe League hat it beslút nommen om de kompetysje te beëinigjen, fanwege it coronafirus. De Flyers stiene yn de heale finale fan de play-offs om de titel yn de BeNe League.
De UNIS Flyers yn aksje © www.orange-pictures.nl
"Het is door de actualiteit onvermijdelijk geworden. IJshockey is een nationale sport in beide landen en het is niet verantwoord om betrokkenen te laten reizen. Het stilleggen van de BeNe-League betekent dat we het seizoen afsluiten zonder kampioen", sa seit foarsitter fan de kompetysje Pascal Nuchelmans.
By de UNIS Flyers kinne se it beslút begripe. "It is hiel begryplik. As we sjogge wat der yn de lannen om ús hinne bart en watfoar risiko's der op ús ôfkomme. Dan moatte we earlik wêze: dan giet de sûnens boppe it sportive. Ik tink dat we dêr ús fokus op lizze moatte en soargje moatte dat we der sûn trochhinne komme", sa seit UNIS Flyers-foarsitter Henk Hoekstra.

Gjin heale finale tsjin Nijmegen

De Flyers stiene yn de heale finale fan de play-offs om de titel yn de BeNe League. Sneon stie op Thialf de earste wedstriid yn dy rige op it programma tsjin de Nijmegen Devils. UNIS Flyers wûn dit seizoen al wol de Nederlânske titel en de nasjonale beker.
Minsken dy't al in kaartsje kocht hienen foar de wedstriid fan sneon krije it oankeapbedrach werom, meldt de Fryske iishockeyklup op de webside.
Foarsitter Henk Hoekstra fan de UNIS Flyers