Rykswettersteat kiest bedriuwen Heak

14 nov 2011 - 18:59

Boubedriuwen KWS Infra, Van Hattum en Blankevoort en GMB Civiel sille it súdlike part fan de Heak om Ljouwert oanlizze. Rykswettersteat hat moandei de kontrakten mei de boukombinaasje ûndertekene.

De heak is in nije ferbining fan 12 kilometer tusken de A31 by Marsum en de N31 by Hemriksein. De dyk krijt twa kear twa rydstroken en der mei 100 kilometer riden wurde. By de Werpsterhoeke komt in nij knooppunt en de krusing by Wurdum wurdt fernijd. De nije wei giet yn 2014 iepen.

Trefwurden: 
Ljouwert Heak om Ljouwert
(advertinsje)