'Fryske muzykfestivals moatte folle mear froulike muzikanten programmearje'

12 mrt 2020 - 11:35

Fryske muzykfestivals moatte folle mear froulike muzikanten programmearje. Dat sei muzyksjoernalist Bente Hout woansdeitejûn by IepenUp Live, dat omtinken hie foar De Friese Lente, in nij muzykinisjatyf fan Friesland Pop. "Ik word niet goed als dan gezegd wordt dat bij het programmeren vooral gelet wordt op de kwaliteit van het aanbod en minder op het feit of het om mannelijk of vrouwelijk talent gaat. Alsof vrouwen geen kwaliteit kunnen leveren", sa sei Hout. Op dit stuit bestiet fan alle optredens mar 10 persint út froulike acts.

Sjoch hjirûnder nei in fragmint út IepenUp Live:

Popsjoernaliste Marije Heida hie dêrby noch in advys foar de festival-organisaasjes yn Fryslân. "En let bij het programmeren alsjeblieft op het talent uit Friesland zelf. Ik zie veel te vaak dat de voorkeur wordt gegeven aan namen van buiten onze grenzen. En dat is niet terecht, want we hebben hier talent genoeg. Maar dat moet wel een kans krijgen om zichzelf te presenteren. Support your locals", wie dêrom har oprop.

Presintator Eric Ennema frege sjongeres Esther de Jong oft froulike muzikanten har mooglik sels ek wat te beskieden opstelle. De Jong, dy't krekt in kontrakt tekene hat by in lanlike muzykútjouwerij, koe har wol wat yn dy wurden fine. "Misschien moet ik ook wel meer gebruik maken van mijn vrouwelijke charme", sa sei De Jong, dy't wol ûnderstreke dat se dêrby altyd harsels bliuwe wol.

Besjoch hjirûnder de folsleine útstjoering fan IepenUP Live:

Yn alle gefallen moatte froulike artysten har better ferkeapje op social media. Want manlju dogge dat better, sa wie de ûnderfining fan Bente Heida. "Ik moet daar zelf ook nog wat aan wennen. Laatst wist ik even niets te melden en wenste iedereen daarom maar een fijn weekend. Ongelooflijk hoeveel 'likes' ik daarop kreeg. Het werkt dus wel."

Friese Lente

Friese Lente, is nei it skrassen fan it eardere Freeze-festival, in nij inisjatyf fan Friesland Pop. Yn gearwurking mei Popfabryk en ferskate opliedingen yn de popsektor, wurde kommende dagen rûnom yn Fryslân ferskate muzikale eveneminten opset.

IepenUP live hat nije wike oandacht foar it coronafirus. De oarsaak en gefolgen, en de risiko's fan alle media-oandacht foar it firus.

IepenUP Live wurdt alle woansdeis útstjoerd út Neushoorn yn Ljouwert wei. Belangstellenden binne wolkom fan 19:30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen op in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)