Twa nije coronabesmettingen yn Fryslân, totaal no seis

12 mrt 2020 - 11:22

Der binne tongersdei twa nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân. Dat hat de GGD Fryslân niiskrekt bekend makke. Njonken de 32-jierrige Ljouwerter, wêrfan't tongersdeitemoarn al bekend waard dat hy corona hat, sitte ek in Snitser en in persoan út Terkaple yn thúsisolaasje.

Foto: Shutterstock

De man fan Terkaple is om de 50 jier hinne. Hy hat it firus op wintersport yn Eastenryk oprûn. Hy is yntusken hast hielendal klachtefrij, mar der wurdt noch wol kontaktûndersyk ferrjochte. De frou fan de man hat mylde klachten en bliuwt foarearst thús.

Snitser en famylje yn thúsisolaasje

De Snitser dy't it coronafirus hat, is om de 40 jier hinne en sit mei syn famylje yn thúsisolaasje. Ut ûndersyk hat bliken dien dat hy it firus fan ien út Brabân krigen hat. Syn twa bern, dy't op it Nordwin College en ROC Friese Poort sitte, bliuwe foarearst ek thús. Neffens de GGD Fryslân rinne de skoallen gjin risiko, om't de bern net syk wiene en gjin ferskynsels hawwe.

Seis coronabesmettingen

Yn totaal binne der no seis fêststelde coronagefallen yn Fryslân. Tiisdei waard by in pear op De Gordyk as earste yn ús provinsje it coronafirus fêststeld. In dei letter die ek bliken dat in 78-jierrige man út Drachten it coronafirus hat.

Folgje it nijs oer it coronafirus dizze tongersdei ek wer yn ús liveblog. En sjoch foar alle berjochten oer it firus yn ús dossier.

Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)