Anne de Vries fynt earste ljipaai fan Achtkarspelen

12 mrt 2020 - 10:23

Anne de Vries fan Bûtenpost hat tongersdeitemoarn it earste ljipaai fan de gemeente Achtkarspelen fûn. De Vries trof it aai om acht oere hinne oan yn 'e greide oan de Monnikeweg yn Gerkeskleaster, doe't hy mei Kees Veldman út Surhústerfean oan it aaisykjen wie.

In broedsje (nêst mei fjouwer ljipaaien) - Foto: Omrop Fryslân

Wethâlder Jouke Spoelstra sil De Vries tongersdeitemoarn yn it sintsje sette, op in plak by de brêge oer it kanaal by Gerkeskleaster.

No't ek yn Achtkarspelen in ljipaai oantroffen is, moat der allinne noch yn Eaststellingwerf in ljipaai fûn wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)