Bern leare Fryske taal mei nije lesmetoade 'Lear de Lûden'

12 mrt 2020 - 15:30

Lear de Lûden. Dat is de namme fan in nij lesprogramma foar de Fryske taal. Bern fan de basisskoallen kinne mei it lesprogramma boartsjendewei yn de kunde komme mei it Frysk. De nije lesmetoade waard tongersdeitemoarn presintearre op basisskoalle It Skriuwboerd yn Surhústerfean.

De lesmetoade is ûntwikkele troch it Oeriselse bedriuw Heutink. De metoade is bedoeld foar bern yn de groepen 1 oant en mei 5. "Het gaat om een stempelkist in een nieuw jasje, waarmee we houten stempels interactief hebben gemaakt met een app. We kunnen dus digitaal stempelen", seit Martijn Westera fan Heutink. "Op de stempels staat niet alleen het alfabet, maar ook alle Friese klanken. Op de app kunnen de kinderen dan allerlei activiteiten doen waarmee ze Friese woorden leren en Friese woorden kunnen stempelen."

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

De app is al test troch Fryske bern. "De reacties waren zeer goed. De kinderen zeiden bijvoorbeeld: nu kan ik zelf gewoon Fries leren en ik vind het leren van Fries op deze manier supervet. Dus ze waren zeer enthousiast", sa seit Westera.

Net bekend mei it Frysk

Westera wie sels noch net bekend mei de Fryske taal. "Maar ik heb inmiddels al een aantal kleine stappen kunnen zetten. Ik heb alle klanken al meerdere malen door mijn handen gehad en ik heb de app grondig getest. Dus inmiddels is het een klein beetje op gang gekomen."

De lesmetoade is ûntwikkele yn gearwurking mei de provinsje Fryslân. "Die hebben zeer nauw met ons samengewerkt, want uiteraard moeten de puntjes letterlijk op de i staan. Om te zorgen dat er geen fouten staan in de stempelactiviteiten. Het zou niet best zijn als de kinderen het verkeerd leren, dus het is 100 procent goed getest", sa seit Westera.

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek docht it letterspultsje mei Fenna fan groep 3

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Martijn Westera fan Heutink fertelt oer it nije learmiddel

(advertinsje)
(advertinsje)