Fearboat rint skea op ûnderweis nei Flylân

De fearboat Vlieland fan Rederij Doeksen hat tongersdeitemoarn skea oprûn doe't it skip ûnderweis wie nei Flylân, meldt Rederij Doeksen op Twitter. Twa motoaren binne útfallen, wêrtroch't it skip net fierder farre koe.
Veerboot loopt schade op onderweg naar Vlieland
De fearboat hat by it fuortgean út Harns de wâl rekke, wêrtroch't it skip lek rekke is. It skip sinkt lykwols net, mar is stabyl. It skip is mei assistinsje fan in sleepboat werombrocht nei de haven yn Harns. De santich passazjiers dy't op de boat sieten, wurde mei bussen fan it Entrepotgebou nei it Grand Café Promenade brocht, yn de terminal fan Harns. Hjir kinne sy wachtsje oant de Midsland harren nei Flylân bringt. De Midsland fart normaal fan Harns nei Skylge en wurdt no ynset as ferfangende boat.
Wetter wurdt út de Vlieland pompe © Jannette van der Ploeg

Offearten ferfalle

Fan De Vlieland sille op tongersdeitemiddei twa ôffearten ferfalle. It giet om dy fan 11:45 oere fan Flylân nei Harns en dy fan 14:00 oere fan Harns nei Flylân. Der wurdt kontakt opnaam mei de passazjiers.
De fearboat wurdt nei de haven sleept © Omrop Fryslân, Simone Scheffer