Minusjeus plysje-ûndersyk by Koarnjum: sleat oan De Wier wurdt leechpompt

12 mrt 2020 - 08:44

De plysje en de resjerzje sille tongersdeitemoarn minusjeus ûndersyk dwaan by de sleat oan De Wier yn Koarnjum, dêr't ferline moanne it lichem fan Karin Grijpstra fûn waard. De sleat sil folslein leechpompt wurde om mooglik mear te witten te kommen oer wat der krekt bard is.

It ûndersyksteam sil earst netten pleatse yn de sleat, om foar te kommen dat saken fuortspiele kinne, as it wetternivo sakket. Dêrnei wurdt dat wetternivo sa leech mooglik brocht. In kraan sil it slyk út de sleat skeppe. Dêrnei wurdt dat mei de hân trochsocht op mooglike oanwizingen.

46 tips

Grijpstra waard op 23 febrewaris dea fûn yn de sleat, yn de omjouwing fan har hûs. Se is nei alle gedachten om it libben brocht. Der binne oant no ta 46 tips binnenkaam yn ferbân mei har dea.

Tessel Horsman fan de plysje

Foarsitter Jaap Keizer fan Doarpsbelang

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
(advertinsje)
(advertinsje)