Kollum: "The Beatles"

"Ik wol der wier gjin kwea wurd oer sizze, mar ik bin gjin Beatles-man. Ik ha neat mei dy muzyk, hoewol't ik echt wol hear dat se moaie ferskes makke ha. The Beatles wurde sjoen as de groep mei de grutste ynfloed op 'e popmuzyk, en dat wurdt altyd mar werhelle. En dan lûk ik mar wer in eachbrau op. Ik waard der dizze wike wer mei konfrontearre, om't yn 'e krante advertearre waard mei in Beatles-reis.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Botte Jellema
Dat liket my wier de hel op ierde. In reis fan seis dagen nei Liverpool en Londen - yn Liverpool skine twa Beatles-musea te wêzen en - de tekstskriuwer fan de advertinsje koe syn entûsjasme dêroer hast net ynhâlde - op de reis geane je nei beide. 'Eindelijk is er een reis in de sporen van The Beatles om het allemaal zelf te ontdekken' - ik tink dat as oer wat alles al is ûntdutsen, dan is it wol oer The Beatles. Der binne sels al twa musea oer.
'Over 100 jaar staan The Beatles in hetzelfde rijtje als Bach, Mozart en Beethoven', skriuwt de man fierder. Dit hat sûnder twivel in man west, want fans fan The Beatles binne hast altyd manlju. Yn 'e jierren sechstich, doe't de band echt bestie, wie dat oars, doe wiene it foaral froulju. Der is fêst al immen ôfstudearre op it krekte kearpunt yn gender fan de fans.
Bach, Mozart en Beethoven, ik fyn it nochal wat. The Beatles hawwe 188 orizjinele songs opnommen en útbrocht. Mozart 600, Beethoven 722 en Bach 1.128. En dêr siet ek de hast trije oeren duorjende Matthäus Passion tusken. Just saying.
Doe't ik lêst op 'e sneldyk ried, helle ik in full-size bus yn, mei belettering derop. It wie ien of oare Beatles-cover band. Neat tsjin coverbands, ik ha sels jierrenlang yn ien spile en dat is in protte wille. Mar der is dus in band yn Nederlân, dy't allinnich de nûmers fan The Beatles spilet, en dy't safolle wurk hat, dat se der in grutte tourbus op nei hâlde kinne.
Ik ha it net opsocht, mar dit binne sûnder twivel fjouwer muzikanten fan yn 'e sechstich mei swarte blompotkapsel-prûk op harren griizjende holle, om te besykjen der út te sjen as de tweintigers dy't John, Paul, George en Ringo wiene doe't se The Beatles foarmen. Fan dit soarte fan bands kinne we dus noch folle mear ferwachtsje, as it fergelyk mei Bach, Mozart en Beethoven op giet. Want dy wurde ek noch oan 'e rinnende bân covere yn ús konsertsealen.
In musikolooch reizget mei om te fertellen oer The Beatles. Ik hoopje dat it in serieuze musikolooch is; ien dy't ek wit dat it yn it betide stadium fan massamedia en plateferkeap fansels mooglik wie dat sa'n groep mei talintfolle jonges út Liverpool in 'Beatlemania' feroarsaakje. Dat it bysûnder wie, en dat in stikmannich fan harren ferskes yn it kollektive geheugen fan de hiele westerske wrâld sitte. Mar, dat suver muzikaal sjoen we net ferjitte moatte dat der ek oaren wiene.
Persoanlik kin ik my net foarstelle dat je yn 'e jierren sechstich in plaat fan The Beatles keapje, as der ek platen fan James Brown binne. James Brown! The Godfather of Soul! Soul Brother No. 1! Mr. Dynamite! Hoefolle fierder en ynteressanter wie de muzyk fan James Brown. De skiere mantsjes út Liverpool ferblikke dochs totaal ast sjochst nei James Brown. Yn '63 brutsen The Beatles troch. Op dat stuit namen se bêst aardige ferskes as 'All my loving' en 'Love me do' op.
James Brown bruts ûndertusken de tinte ôf yn The Apollo - Live at the Apollo is in klassiker. Yn 'e jierren sechstich, it iennige desennium wêryn't The Beatles aktyf wiene, hie JB hits as 'Papa's Got a Brand New Bag', 'I Got You (I Feel Good)' en 'It's a Man's Man's Man's World' - en James Brown gie troch, oant 2006.
Nochris: neat tsjin The Beatles. Mar wêrom soest dy dwaande hâlde mei The Beatles as James Brown der ek is. No ja, der sille grif in soad minsken wêze dy't per persoan yn lytse twatûzen euro útjaan wolle oan in reiske nei Liverpool. Ik set leaver noch even in plaat fan James Brown op.
PS: asto dizze kollum efterstefoaren ôfspilest, hearst 'James Brown Is Dead'."