Coronanijs tongersdei 12 maart: Soad grutte eveneminten skrast, sân besmettingen yn Fryslân

12 mrt 2020 - 21:44

Der binne foar safier bekend no sân coronabesmettingen yn Fryslân. In grut tal eveneminten yn en om Fryslân giet net mear troch. Folgje al it nijs oer it coronafirus yn dit liveblog.

  • It kabinet makke nije maatregels bekend: eveneminten boppe de 100 minsken skrast, besite oan kwetsbere groepen beheine
  • Alle besmettingen yn Nederlân en Fryslân binne op dizze kaart te sjen.
  • By 7 Friezen is it firus konstatearre: in man en frou fan De Gordyk (yn de 50), in man fan Drachten (78), in Ljouwerter (32), in man fan Snits (yn de 40), in man fan Terkaple (47) en in man fan Balk (yn de 40).
  • Giet in evenemint net troch yn Fryslân? Meld it en stjoer in mail nei: aginda@omropfryslan.nl.

Dit liveblog is ook in het Nederlands bij ons te volgen.

23:02
Liveblog sletten

We slute dit liveblog foar no. Tank foar it folgjen. Mocht der wer nijs wêze dan is dat te folgjen op www.omropfryslan.nl

18:59
De wjerslach fan it coronafirus op Fryslân
18:30
Lês werom: de maatregels fan it kabinet

Neffens premier Rutte giet it om yngripende maatregels en hy freget om begryp foar de situaasje.

Minister Bruno Bruins fan Medyske Soarch makke dizze maatregels bekend, dy't jilde oant 31 maart:

  1. Eltsenien mei noasferkâldenens, dy't hoastje moat, kielpine en/of koarts hat, moat sosjale kontakten mije.
  2. Alle eveneminten dêr't mear as 100 minsken komme, wurde skrast. Dat giet bygelyks om sportwedstriden, konserten, mar ek om musea.
  3. Minsken wurdt frege safolle as mooglik thús te wurkjen en wurktiden te sprieden. Ek foar it wurk jildt: gjin gearkomsten mei mear as 100 minsken.
  4. Behein de besite oan kwetsbere persoanen: âlderein en minsken mei minder wjerstân. Oan kwetsbere minsken sels: mijd grutte selskippen en it iepenbier ferfier.
  5. Soarchpersoniel is hurd nedich en moat pas thús bliuwe as sy klachten én koarts hawwe. Ek wurdt oan harren frege net nei it bûtenlân te gean.
  6. Skoallen bliuwe gewoan iepen. Wol moatte hbo en universiteiten safolle mooglik harkkolleezjes online onbiede. Foar basisskoallen, middelbere skoallen en mbo's is it net nedich om ticht te gean. Op dy skoallen binne minder besmettingen, jongerein rinne in minder heech risiko en op dizze skoallen komme der minder minsken út it bûtenlân. Boppedat binne de âlden fan bern ek hurd nedich, bygelyks yn de soarch.
Foto: ANP
22:45
Wat dogge de teäters yn Fryslân?

It Posthuis Theater op It Hearrenfean hat oanjûn dat alle foarstellingen oant 1 april net hâlden wurde. It teäter besiket sa goed as mooglik nije datums te finen yn oerlis mei de artysten. Itselde jildt ek foar teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer. De Koornbeurs jout oan dat kaarten jildich bliuwe en dat der yn ôfwachting fan lanlik belied beslist wurde sil hoe't der omgien wurdt mei in eventuele retoerproseduere.

Skouboarch De Lawei hat tongersdei foarstellingen skrast, mar jout op de webside oan noch net te witten hoe't it mei foarstellingen, films en eveneminten komt dy't de kommende tiid op de planning steane. De skouboarch wol dêr sa gau as mooglik ynformaasje oer jaan.

It Posthuis Theater op It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda
22:13
Kommissaris fan de Kening: betrouwen yn maatregels

Kommissaris fan de Kening Arno Brok joech earder op de dei oan dat hy bliid is mei de wize wêrop't it kabinet it coronafirus oanpakt: "It kabinet pakt it tige saakkundich en rêstich op. Sy hawwe neffens my de goeie besluten nommen om te besykjen de situaasje yn balâns te hâlden. It betsjut wol wat: guon dingen kinne net mear en moatte wy op in oare wize oppakke. Mar ik haw der foar Fryslân alle betrouwen yn dat de formele ynstellingen lykas de Veiligheidsregio, de GGD en de boargemasters mei de foech de goeie dingen dwaan sille."

Hy sei ek: "It bliuwt foar de organisaasjes sels ek in ferantwurdlikens om de goede dingen te dwaan. Wy moatte mei-inoar besykje 'de holle koel te hâlden' mar wol de dingen troch te fieren om it yn balâns te hâlden. Wy moatte stean foar de sûnens fan minsken."

Kommissaris fan de Kening Arno Brok

Foto: Omrop Fryslân, René Koster
20:51
Hegeskoallen en universiteiten ticht

It ûnderwiis en de tentamens op hegeskoallen en universiteiten geane foarearst net troch. De Vereniging Hogescholen en de Vereniging van Universiteiten hawwe dat besletten yn oerlis mei de ministers fan Underwiis. Ek dizze maatregel jildt foarearst oant 1 april. Minister Bruno Bruins joech earder op de dei al oan dat der faak in soad nasjonaliteiten binne op dizze skoallen, dêrmei wurdt it risiko op fersprieding fan it coronafirus grutter. "Ik ben er stil van maar dit is in alles het beste wat we kunnen doen," lit prof. dr. Gjalt de Jong fan Campus Fryslân witte.

20:28
Brêgepop Festival wachtet ôf wat it firus docht

Foar in soad festiviteiten net lang nei 31 maart bliuwt it ek noch ûnwis oft it wol of net trochgean kin. Sa seit de organisaasje fan Brêgepop Festival yn Skarsterbrêge in soad fragen te krijen fan minsken dy't tickets kocht hawwe. De organisaasje jout lykwols oan noch gjin dúdlikens jaan te kinnen op dit stuit. Dit festival stiet yn earste ynstânsje foar 3 en 4 april op de planning.

Brêgepop Festival - Foto: Brêgepop Festival
(advertinsje)
(advertinsje)