Ek coronabesmetting yn Ljouwert: 32-jierrige man posityf test

12 mrt 2020 - 07:18

Foar it earst nei de útbraak fan it coronafirus is ek yn Ljouwert in besmetting fêststeld. It giet om in 32-jierrige man út Ljouwert, dy't as personal trainer wurket by in sportskoalle yn Ljouwert. Dat befêstiget de GGD Fryslân tongersdeitemoarn.

Foto: Omrop Fryslân

De man hat it firus nei alle gedachten oprûn op wintersport yn Eastenryk. Hy sit de kommende tiid yn thúsisolaasje, mar hat mar lichte klachten. Hy wurket by de sportskoalle My HealthClub Leeuwarden. Dy bliuwt de kommende tiid gewoan iepen, mar nimt wol ekstra maatregels op it mêd fan hygiëne.

De man wurke ek by sportsintrum Bloemketerp yn Frjentsjer. Dêr hat er nei syn besmetting net west, sizze se yn Frjentsjer. It sportsintrum bliuwt dus ek iepen, al komme der wol in soad telefoantsjes binnen fan minsken dy't dêr sporte.

Kontaktûndersyk

De GGD siket, lykas mei alle gefallen yn Nederlân, út mei wa't de 32-jierrige Ljouwerter yn kontakt west hat. De man wie mei in groep oare minsken út Ljouwert op wintersport. Der binne mooglik dus ek oaren besmet mei it coronafirus.

Fjirde coronabesmetting

It is foar safier bekend de fjirde persoan yn Fryslân dy't besmet is mei it coronafirus. Woansdei waard it tredde gefal fan it coronafirus yn Fryslân fêststeld, by in 78-jierrige man út Drachten. In dei dêrfoar waard it coronafirus by in pear fan De Gordyk oantroffen.

(advertinsje)
(advertinsje)