Te min jild beskikber foar ûnderhâld tuorren

12 mrt 2020 - 06:03

Foar de ûnderhâld fan tuorren moat mear subsydzje komme. Dat jouwe ferskate eigeners fan tuorren oan by Omrop Fryslân nei oanlieding fan in ûndersyk nei feiligens fan tuorren yn Fryslân. De subsydzjeregeling dy't der no is, is fierstentete min wêrtroch't eigeners foar it grutste part fan dizze kosten opdraaie en somtiden it minimale ûnderhâld dogge.

Nei oanlieding fan twa ûnfeilige sitewaasjes mei de tuorren fan it stedhûs yn Boalsert en Hobbe van Baerdt-tsjerke op De Jouwer is Omrop Fryslân yn de wrâld fan de tsjerketoer dûkt. Hoe koe dit barre? En hoe grut is de kâns dat itselde oan de hân is by oare tuorren? De ynspekteurs, eigeners, mar ek de bestriders fan de grutste plaach fan de tuorren komme yn de takom dagen oan it wurd.

Djoer ûnderhâld

It ûnderhâlden fan de tsjerketoer is djoer, sizze ferskate eigeners. Der moat faak wat barre om't de toer boppe alles útstekt en kwetsber is. En it kostet al in ton om guon tuorren allinnich yn de stegers te hawwen. In soad eigeners kinne dat net sels betelje.

In foarbyld is de tsjerketoer fan Skearnegoutum dy't krekt restaurearre is. Mear as 150.000 euro moast der ferline jier op it kleed komme en doe moast de tsjerkemienskip ta de bûse. Ien tredde is betelle mei subsydzje fan de provinsje, nochris 50.000 ha se sels betelle en de rest fan it jild is mei ferskate donearaksjes byinoar sammele.

Ytsen Tamminga fan de tsjerke neamt it in saak fan lange azem. "Fan hjoed op moarn hawwe je it jild net. Reserves hawwe we wol, mar dy wolle je ek net altyd oansprekke. Dat is de bedoeling net."

Wy ha twa tuorkes dêr't wy mar 500 euro it jier subsydzje foar krije. De subsydzje is net iens foldwaande foar de hier fan in heechwurker.

Harm Haitsma, foarsitter stifting Monument Onderhoud Súdwest Fryslân

Ek de stifting Monument Onderhoud Súdwest Fryslân hat te krijen mei in soad ûnderhâld en gjin fertsjinsten út harren 16 tuorren. Yn de lêste fiif jier ha se hast ien miljoen euro betelle oan ûnderhâld. De helte dêrfan is troch subsydzje betelle.

Allinnich dy binne sûnt in pear jier folle dreger te ûnderhâlden, seit foarsitter Harm Haitsma. "De subsydzjeregeling fan it Ryk is de ôfrûne jierren bot minder wurden.

It subsydzjebedrach is basearre op 1,5 % fan de herbouwearde en dat bedrach is sa lyts dat it jild eins al op is foar allinnich in heechwurker of de steger. Haitsma: "Wy ha twa tuorkes dêr't wy mar 500 euro it jier subsydzje foar krije. Mar der is ien kear yn de twa jier in komplete skilderbeurt nedich. De subsydzje is net iens foldwaande foar de hier fan in heechwurker."

Foto: VDM-Luchtvideo

Gemeenten wolle fan tuorren ôf

Troch dizze hege kosten krije stichtingen hieltyd mear tuorren yn behear. Se wurde oerdroegen troch bygelyks gemeenten, dy't somtiden in toer yn behear ha. Foar harren is it ek dreech om de kosten te dekken om't gemeenten net gebrûk meitsje kinne fan fûnsen of de aksjes fan de mienskip.

Yn de ôfrûne fiif jier ha de alve gemeenten mei mekoar hast 1,5 miljoen euro útjûn oan ûnderhâld en restauraasje fan harren tuorren. Dêrfan is gemiddeld in lytse 20 prosint betelle mei subsydzjes en de rest komt fan de gemeente sels.

De gemeente Opsterlân wol om dy reden graach ôf fan harren 4 tuorren, mar dat is oan no ta noch net slagge. De gemeente hat oerlis hân mei de tsjerkebestjoeren en stichtingen mar dy wolle de ûnderhâld ek net oernimme. Johan de Boer fan de gemeente: "Ik tink dat dit komt omdat de tsjerketuorren neat opsmite, mar wol in hiel soad kostje."

Wa is de eigener?

In toer kin trije eigeners ha: de tsjerke, de gemeente of in stichting.

De measte tuorren binne yn besit fan de tsjerklike gemeente, dy't ek eigener is fan de tsjerke. Mar der binne op dit stuit ek 32 tuorren dy't eigendom fan de boargerlike gemeente binne. Dit komt troch in wet fan Napoleon yn 1798. Hy brûkte tuorren foar in militêre funksje, bygelyks as útkykpost, mar ek om boadskippen troch te jaan. Dêrom woe hy dat de steat, en dus de boargerlike gemeente, it behear hie.

Omdat it ûnderhâld fan in toer net de kearntaak fan de gemeente is, woene in soad gemeenten fan harren tuorren ôf. Dêrom binne der stichtingen oprjochte om it behear fan harren oer te nimmen. Ien fan de bekendste stichtingen, as it giet om tuorren, is de Stichting Alde Fryske Tsjerken. Dy stichting hat op dit stuit 26 tsjerketuorren.

"As der gjin jild is, hâldt it op"

Hoe't it no yn de takomst moat, is lestich te sizzen. Haitsma: "De tsjerklike gemeenten kinne it net mear. Se ha de sinten der net foar en de minksen der net foar. As it harren net slagget om it jild rûn te krijen dogge se minimaal ûnderhâld. Dat giet dan it skoft sa troch en dan moat it rigoereus oanpakt wurde. Dat kostet noch folle mear."

Ek Tamminga sjocht problemen yn de takomst. "Wy ha hjir noch in mienskip dy't noch goed meidocht, mar der binne noch in soad doarpen dêr't dat net mear it gefal is."

Beide mannen fine dêrom dat de rykssubsydzje oanpast wurde moat. Mar dêr binne wol wat kanttekeningen by. Tamming: "Hoefolle jild is der dan wol net nedich om de boel yn stân te hâlden? Yn bepale mate ferpauperet ek in grut part fan de gebouwen. It is spitich, mar hoe wolle je it omdraaie? As der gjin jild is hâldt it op in bepaald momint op."

(advertinsje)
(advertinsje)