Nije ferkearsbuorden by rykswegen jouwe tenei 100 km oan

11 mrt 2020 - 22:24

Op de A31 tusken Ljouwert en Harns hat Rijkswaterstaat woansdeitejûn nije buorden pleatst. It giet om ferkearsbuorden dy't oanjouwe dat oerdeis net hurder as 100 kilometer yn de oere riden wurde mei. Dat is ien fan de maatregelen om de stikstofútstjit werom te bringen.

"We zijn al ruim een week bezig met het plaatsen van de borden. De laatste zijn de 27 dubbele borden, daar staan twee soorten snelheden op, naast de bekende 100 kilometer en de andere snelheid die van toepassing en wanneer het van toepassing is", fertelt Jaap Peelen fan it bedriuw dat de buorden pleatst.

It bedriuw hat ek 144 inkele buorden pleatst. "Bij Rijkswaterstaat zijn we al maanden aan het voorbereiden en nu komt dus de uitvoering. We plaatsen 66 borden in Friesland, langs de A6, A7, A31 en A32", fertelt Angela Lolkema fan Rijkswaterstaat.

As it boerd der stiet, is de nije snelheid ek fan krêft.

Neffens de planning binne fan kommende moandei, 16 maart, fan 06.00 oere ôf oeral de nije buorden pleatst. Yn de jûn en nacht (tusken 19.00 en 06.00 oere) feroaret neat op de diken dêr't 120 km/o of 130 km/o riden wurde mei.

Utfierder Jaap Peelen en Angela Lolkema fan Rijkswaterstaat

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)