Twa Russyske winners by reedrydevenemint Zilveren Bal

11 mrt 2020 - 21:56

De Fryske reedriders binne der opnij net slagge om de Zilveren Bal te winnen. Janine Smit kaam it fierst, mar yn de finale wie se net opwoeksen tsjin Angelina Golikova (Ruslân) en Kaylin Irvine (Kanada). By de manlju wûn ek in Rus, Viktor Mushtakov. De Zilveren Bal is in wedstriid oer hûndert meter, it is de ôfsluting fan it reedrydseizoen.

Der waard sawol by de 29 manlju as by de 29 froulju rap riden. Smit helle de finale, mar sprintkanon Golikova wie har te rap ôf. Sy ried snein ek al in baanrekôr op de 500 meter op Thialf.

Ambassadeur Femke Kok ried yn de heale finale wol de op ien nei rapste tiid fan alle njoggen froulju, mar om't yn har ronde Golikova rapper wie, gie dy nei de finale en net Kok. Ek Letitia de Jong kaam ta de heale finale.

Foto: timsimaging.nl

By de manlju kaam Jesper Hospes ta de heale finale. De Fryske sprinter stie trije kear earder op it poadium, mar dat slagge him dit jier net. De finale gie tusken Mushtakov, Gilmore Junio (Kanada) en Ronald Mulder. Yn dy folchoarder einigen se ek.

It evenemint yn de Ljouwerter Elfstedenhal waard foar de fiifde kear organisearre.

(advertinsje)
(advertinsje)