Anne Schulp fassinearre troch dino's: "Wetenschap toegankelijk door dino's"

11 mrt 2020 - 19:32

Dinosaurussen bliuwe fassinearjend, net inkeld foar bern en filmleafhawwers, mar ek foar wittenskippers. Dat fynt ek professor doktor Anne Schulp, Fries om utens, dy't freed syn amt oannimt by de Universiteit Utrecht mei in taspraak oer 'it spoar fan de dinosaurus...'

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Anne Schulp, oarspronklik fan Snits, syn fakgebiet is 'vertebratenpaleontologie', de lear fan de útstoarne wervele bisten. Wêr komt syn fassinaasje wei? "Dichterbij dan tijdreizen kun je niet komen, als je fossielen bestudeert krijg je een beeld van hoe het er vroeger uitzag. Je ziet ze niet meer in het echt, maar hoe meer je erover komt te weten, hoe meer je begrijpt en ontdekt."

Hy docht benammen ûndersyk nei spoaren. "Dat is spannend want aan fossielen kun je het gedrag van de beesten afleiden, waren het Einzelgängers, of leefden ze in kuddes, konden ze snel lopen of waren het rustige sjokkers? Waar leefden ze van, zulke details kun je de vinger achter krijgen door die sporen te bestuderen."

Om spoaren fan dino's yn Fryslân te finen, soest neffens Schulp wol in gat in fan kilometer grave moatte.

Yn syn taspraak fertelt er de lêste ûntdekkingen fan de ôfrûne tweintich jier. "Met nieuwe technieken als 3D-scans en computeranalyses en in hightech-bril kun je naar de oertijd kijken en zo dingen beter begrijpen. Je kunt ze terug in leven puzzelen."

Hy hopet oan de hân fan dino's mear ynteresse foar de wittenskip te krijen. "Dat kan heel laagdrempelig en toegankelijk aan de hand van de dinosaurus."

Anne Schulp

(advertinsje)
(advertinsje)