FIDEO: IepenUP Live oer Fryske popmuzyk

11 mrt 2020 - 21:30

Hoe stiet it der foar mei de Fryske popmuzyk? De Fryske maitiid is in wike fol mei Fryske popkultuer as staalkaart fan wat Fryslân te bieden hat, as ferbinende faktor yn en fan de Fryske popscene.

Mei live optredens fan Feral Tides, Zippora Tieman, Way Down The Rainbow en Dina wurdt der in soad omtinken oan bestege. By IepenUP live wurdt sjoen nei hokker rol de diversiteit spilet yn de Fryske popmuzyk en it belied, en hoe't froulju foaroprinne as it giet om sukses en fernijing. Bente Hout en Esther de Jong sille dêr oer meiprate.

Marije Heida fan 3VOOR12/Friesland sil fertelle hokker Fryske bands en artysten it ynternasjonaal goed dogge. Twa Fryske labelbazen dy't gewoan troch gean mei it útjaan fan muzyk sille der ek by oanwêzich wêze. It binne Tamme Oosterhof fan Bigbadwolfrecords en Jouke Rispens fan Morning Wood Records.

IepenUP live wurdt alle woansdeis útstjoerd út Neushoorn yn Ljouwert wei. Belangstellenden binne wolkom fan 19:30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen fia in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)