FNP stimt foar Fryslân as reinbôgeprovinsje

11 mrt 2020 - 19:12

De FNP sil yn 'e steategearkomste fan april foar Fryslân as reinbôgeprovinsje stimme. De Steatefraksje basearret him op de kearnwearde solidariteit yn it partijprogram. Dêr stiet dat der romte wêze moat foar elkenien yn ús provinsje om him- of harsels te wêzen.

De FNP giet út fan respekt foar elkenien dy't hjir wennet, sadat net ien oan 'e kant komt te stean. In 'reinbôgeprovinsje' is in provinsje dy't him ynset foar alle minsken mei in oare seksuele oriïntaasje, ûnder oare troch foarljochting en ûnderwiisprojekten. Fryslân is de iennige provinsje fan Nederlân dy't noch gjin reinbôgeprovinsje is.

Yn it Bestjoersakkoart jout de provinsje 800.000 euro út oan projekten foar it tsjingean fan diskriminaasje. De FNP fynt it goed dat de provinsje mei organisaasjes út it wurkfjild oerlis hat hoe't se dat it bêste dwaan kinne.

Los fan it Bestjoersakkoart is dit foar de fraksjeleden in frije kwestje dêr't se nei eare en gewisse oer stimme meie. De fraksje hat no lykwols unanym besletten om foar Fryslân as reinbôgeprovinsje te stimmen.

Foto: Shutterstock

Earder noch ferdield

Yn 2017 wie de FNP noch ferdield oer it foarstel om fan Fryslân in reinbôgeprovinsje te meitsjen. In tal leden fan de Fryske nasjonalisten wie doe noch solidêr mei it CDA dat diel útmakke fan it kolleezje. De kristendemokraten hawwe harren altyd ferset tsjin Fryslân as reinbôgeprovinsje.

Ek de VVD stipe it CDA. Earder sei Avine Fokkens, doe noch steatelid foar de VVD mar yntusken deputearre, dat Fryslân gjin reinbôgeprovinsje hoecht te wurden. Net om't se tsjin it akseptearjen fan homo's is, mar benammen om't se fynt dat Fryslân iepen stean moat foar alle minsken.

Fragen oan minister

Twadde Keamerlid Vera Bergkamp (D66) hat minister Van Engelshoven fragen steld oer de reinbôgeprovinsjestatus fan Fryslân. Se stelde de fragen nei oanlieding fan útspraken fan presintator Sipke Jan Bousema oer it feit dat Fryslân dy status net hat.

Nei oanlieding fan dizze fragen en de kommoasje dy't ûntstie kaam deputearre Douwe Hoogland mei in parseferklearring dêr't er yn oanjoech dat Fryslân iepenstiet foar elkenien. "Dat Fryslân gjin reinbôgeprovinsje is, betsjut net dat Fryslân tsjin is", sa sei Hoogland. "Fryslân stiet iepen foar elkien, gjinien útsûndere. Dat wol ik hiel dúdlik sizze."

Earder gjin mearderheid

Oant no ta wie yn de Steaten gjin mearderheid foar de reinbôgeflagge. Dy soe oerstallich wêze, omdat gelikense behanneling fan bygelyks seksuele aard al regele is yn de grûnwet. Opfallend is dat Hoogland sels fan de PvdA is. Foar de ferkiezings fan ferline jier siet dy partij noch yn de opposysje. Doe wiene se noch wol foar de reinbôgeflagge.

Ek 50Plus hat oanjûn dat se foar binne.

Trefwurden: 
FNP provinsje steaten reinbôge
(advertinsje)
(advertinsje)