Fryslân al mear as 30 jier yn de ban fan de bûnte kjifkrobbe

11 mrt 2020 - 19:00

Al mear as tritich jier fret de bûnte kjifkrobbe him in wei troch de Fryske tsjerken. It late ta grutte panyk, soargen om te min jild en úteinlik ta in Frysk bestridingsmiddel dat nasjonaal en ynternasjonaal brûkt wurdt.

Foto: Wikipedia

Yn 1986 is de bûnte kjifkrobbe foar de earste kear yn Nederlân ûntdutsen. De 'sipel' fan de Sint Jantsjerke yn Deinum is oantaast en wurdt ferfongen.

De Monumentenwacht makket him soargen, want ek yn oare tsjerken komt it bist hieltyd mear foar. Nei in ynventaris blykt yn 1989 dat der al 40 tsjerken yn Fryslân troch it bist oantaast binne, mar in bestridingsmiddel is der noch net.

1994: bestridingsplan

Provinsje Fryslân en de Fryske gemeenten hawwe in plan om de bûnte kjifkrobbe te bestriden. It bist wurdt deamakke troch in nij apparaat dat hite lucht fan 65 graden yn it gebou blaast. Ien fan de earste gebouwen dêr't dizze nije metoade test is, wie de Ljouwerter Kânselarij.

1995: 150 tsjerken oantaast

Nei skatting binne der yn 1995 al 150 gebouwen oantaast troch de bûnte kjifkrobbe. Mar hoefolle skea oft der is en hoefolle restauraasje kostje sil, is noch net bekend. Dêrom is in kjifkrobbefûns oprjochte en alle Fryske gemeenten binne frege jild beskikber te stellen.

Yn desimer 1995 is de ynventaris makke en seit de stjoergroep Bûnte kjifkrobbe 30 miljoen gûne nedich te hawwen foar restauraasjes. No is it wachtsjen op it Ryk dy't dit jild beskikber meitsje moat.

1998: mear jild nedich, op syk nei sponsors

Mar mear jild komt der net. Tsjerken krije op dat stuit sa'n seis ton monumintejild yn it jier en dat is net genôch. Dêrom giet de stjoergroep op syk nei sponsors.

Trefwurden: 
bûnte kjifkrobbe tuorren
(advertinsje)
(advertinsje)