Ljipaaien fûn yn gemeente Hearrenfean, Harns en op Skiermûntseach

11 mrt 2020 - 18:34

Klaas Stapensea, de finer fan it earste ljipaai yn Weststellingwerf op tiisdei, wie dizze woansdei wer in lokkige finer. Mei Ewout Schröder út Jirnsum hat er it earste ljipaai fan Hearrenfean fûn. Beide mollefangers seagen hijke en sijke achter in kraai oangean, doe waard der trêde en begûn sijke it nêst op te meitsjen. It frije fjild fan de gemeente Heerenveen is hjirmei dus sletten.

Foto: BFVW

Ek op Skiermûntseach is woansdei it earste ljipaai fûn troch Jan Holwerda. Hy is huldige troch de boargemaster. Dêrmei is it frije fjild op dit Waadeilân sletten.

Ek yn de gemeente Harns is it earste ljipaai fûn. Anne Wind fan Penjum fûn it aai tusken Harns en Achlum. It is al de tredde kear dat er it earste aai fan Harns fynt. Mei dizze fynst is it frije fjild fan dy gemeenten sletten.

(advertinsje)
(advertinsje)