Bussjauffeur ferwûne by fjochtpartij yn Drachten

In bussjauffeur is woansdeitemiddei ferwûne rekke doe't hy belutsen rekke by in fjochtpartij op de Leerweg yn Drachten. De plysje krige om kertier oer fjouweren hinne in melding fan in fjochtpartij en kamen dêrop mei meardere auto's te plak. Ek waarden der twa ambulânses oproppen.
© ProNews
De wurdfierder fan de plysje kin noch gjin ynformaasje jaan oer de aard fan de ferwûnings fan de bussjauffeur. De sjauffeur is yn de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. Neffens in meiwurker fan de ROC Friese Poort, soe der nei ôfrin fan in saneamde 'Doe Dag' by it sportkompleks oan de Leerweg in fjochtpartij ûntstien wêze. De sjauffeur soe dêr tusken sprongen wêze en rekke dêrby ferwûne. Oer eventuele fertochten is noch gjin ynformaasje bekend.