Gjin ekstra maatregels tsjin coronafirus by needopfang yn WTC

By de needopfang yn it WTC yn Ljouwert wurde gjin ekstra maatregels naam tsjin de fersprieding fan it coronafirus. Fan nije wike woansdei of wurde dêr hûnderten flechtlingen opfongen dy't krekt oankaam binne yn Nederlân.
Gjin ekstra maatregels tsjin Corona bij Needopfang yn WTC
De flechtlingen wurde ûnderbrocht yn lytse wenhokjes mei fjouwer sliepplakken it stik. De minsken wenje dus ticht op elkoar, mar neffens it Centraal Orgaan opvang asielzoekers wurde der njonken de standertmaatregels fan it RIVM gjin ekstra maatregels naam.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Yn it WTC wurde maksimaal 600 flechtlingen opfongen. Neffens lokaasjemanager Benny Schoonewille is de kâns grut dat dat oantal ek helle wurde sil. "Het hang natuurlijk af van de instroom in Ter Apel, maar we gaan er eigenlijk wel vanuit dat er al redelijk snel 600 mensen zullen wonen."
Neist de wenhokjes wurde ek dûses en waskmasines pleatst. De húskes binne de húskes dy't dochs al yn it WTC oanwêzich binne.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De opbou fan de opfanglokaasje moast frij rap barre. Eins wie der allinnich dizze wike tiid om it foar elkoar te krijen. Om't der ek al eardere in needopfanglokaasje yn it WTC wie, soarget dat neffens Schoonewille net foar problemen. "We konden bouwen op de ervaring van de mensen bij de gemeente en ook onze eigen mensen en daardoor kunnen we het voor elkaar krijgen. En gelukkig is het ook niet zo dat er meteen 600 mensen komen op de eerste dag, dus we kunnen er nog wat in groeien."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De needopfanglokaasje bliuwt iepen oant maksimaal 1 oktober.