Man fan Broeksterwâld fernielt busspegel omdat er nei de coffeeshop wol

11 mrt 2020 - 17:31

In ynwenner fan Broeksterwâld is woansdei by ferstek feroardiele ta in boete fan 250 euro foar it fernielen fan de bûtenspegel fan in Arriva-bus. De man gie oan de spegel hingjen.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De bussjauffeur fan Arriva ried op 9 novimber op de krusing fan de Foarwei en de Haadwei yn Damwâld doe't der in ûnbekende man njonken de bus draven seach. De man gie oan de bûtenspegel hingjen en gie op dy wize in stikje mei de bus mei.

De Broeksterwâldster waard úteinlik op basis fan kamerabylden oanholden. Hy ferklearre by de plysje dat hy al fan Broeksterwâld nei Damwâld rûn wie, omdat hy de foarige bus ek al mist hie. De man woe graach nei in coffeeshop yn Ljouwert.

Neffens de man hat hy de bûtenspegel net fernield, mar allinnich omdraaid. De opleine boete is gelyk oan de eask fan de offisier fan justysje.

(advertinsje)
(advertinsje)