Fryske ûndersiker wurket oan faksin tsjin coronafirus

11 mrt 2020 - 17:25

In faksin foar it coronafirus is wat dokters graach ha wolle soenen en der wurdt op it stuit ek drok oan wurke. De Fryske ûndersiker Gorben Pijlman fan Terwispel is dêr ek mei dwaande, mei syn kollega's yn Wageningen hâldt er him foaral dwaande mei ien bepaald aaiwyt.

Foto: Omrop Fryslân

"Ferline wike ha we heard dat we jild krije út de Europeeske Kommisje om corona te bestriden," fertelt Gorben Pijlman. Mei in konsortium wurdt in team opset om ta in faksin te kommen.

"Fansels is de snelheid dêrby belangryk, we ha it leaver moarn as oer pear moannen, mar it is ek belangryk dat it faksin wurket, dus it moat soarchfâldich. It is realistyker dat it der oer in jier is. We binne net de iennige, der binne in soad inisjativen dy't parallel rinne om te sjen wa't it bêste produkt leverje kin."

"Foar dizze útbraak is dat noch net klear, mar by eventuele nije gefallen, lykas dat mei in gryp komt, soe it moai wêze as der in faksin is om bygelyks âlderein te faksinearjen. Dat faksin wurket previntyf en jout beskerming."

Gorben Pijlman

(advertinsje)
(advertinsje)