FIDEO: Hûndert tsjerken moatte kommende tsien jier slute

11 mrt 2020 - 17:07

Yn de kommende tsien jier sille yn Fryslân sa'n hûndert tsjerken slute moatte. Mear as in kwart dêrfan, sa'n 27 tsjerken, steane der allinnich al yn de gemeente Súdwest-Fryslân. In 'tsunami' fan leechsteande tsjerkegebouwen komt oer ús hinne, sizze de saakkundigen. Se hâlde der rekken mei dat it der ek noch wolris mear wêze kinne as de sifers oant no ta oanjouwe. Omrop Fryslân makke oer dit tema in twadielige dokumintêre, dy't de kommende twa wykeinen útsjoerd wurdt.

Yn Fryslân Hjoed waard foarútsjoen op de dokumintêre Tsjerken te keap:

De twadielige dokumintêre Tsjerken te keap fan Fryslân Dok oer it ôfskie én de takomst fan ús monumintale tsjerkegebouwen, wurdt de kommende twa wykeinen útstjoerd. Sneins fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje, en sneon om 15.30 oere en sneins om 13.00 oere Nederlânsk ûndertitele op NPO 2.

(advertinsje)
(advertinsje)