Eaststellingwerf wol soarchmeiwurkers op skoallen om jeugdhelp te ûntlêsten

11 mrt 2020 - 16:33

De gemeente Eaststellingwerf wol in jier lang in pilot starte op de basisskoallen. Opgroei-, gedrach- en psychososjale problemen moatte flugger opmurken wurde. Wethâlder Esther Verhagen wol in soarchmeiwurker op de skoallen sette om de jeugdhelp te ûntlêsten.

Gemeentehûs Eaststellingwerf - Foto: Omrop Fryslan

Yn dizze pilot ûndersiket de gemeente oft troch de ynset fan sa'n soarchmeiwurker yn de skoalle it gebrûk en de kosten fan jeugdhelp ferlege wurde kin. Bern, âlders en learkrêften krije ûndersteuning op maat, om't de fraach per skoalle ferskilt. "Elke school kan zijn eigen wensen hebben, het kan een spreekuur voor ouders zijn, maar ook het ondersteunen van leerkrachten zin. En het gaat om een gecertificeerd medewerker in jeugdproblematiek. Daarachter staat het hele team", fertelt Esther Verhagen.

De fraksje fan de ChristenUnie tocht dat sa'n meiwurker de skoallieder en besteande helptsjinsten foar de fuotten rinne soe. Mar dêr is Verhagen net bang foar. Sy fynt dat de fraach krekt fan de skoallen komt. "Dan kunnen we op tijd problemen oppakken en desnoods opschalen in zorg. De problemen nemen dusdanig toe, dat eerder zorg geleverd met worden aan ouders en kinderen. Wij vullen het aan."

De kosten fan dizze pilot lizze op 33.600 euro.

(advertinsje)
(advertinsje)