Dokkumer krijt selstraf foar fersprieding fan bleate foto's

11 mrt 2020 - 16:16

In Dokkumer fan 34 jier is woansdei feroardiele ta in finzenisstraf fan acht wiken, wêrfan fjouwer wiken ûnder betingst. De man hat yn febrewaris ferline jier foto's en filmkes ferspraat fan in bleate frou dêr't hy kontakt mei hie.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man en frou hiene kontakt fia Tinder en WhatsApp en hiene dêr de bleate foto's útwiksele. Doe't de frou sei dat se in date hie mei in oare man, waard hy lilk en hat hy de foto's ferspraat. Tsjin de plysje sei hy dat hy it wol faker dien hat, "This is not my first rodeo."

De man hat dy foto's en filmkes ûnder oare nei de heit en de broer fan de frou stjoerd. De heit wie der bot fan slach doe't hy de foto's seach.

Trefwurden: 
sel Dokkumer bleate foto's
(advertinsje)
(advertinsje)