Omrop Fryslân net op besite by Michel Vlap troch coronafirus

11 mrt 2020 - 15:57

Omrop Fryslân kin net nei België ôfreizgje om Michel Vlap te besykjen. Yn it ramt fan de Wedstriid fan de Wike soe der in reportaazje makke wurde oer de Snitser, mar troch it coronafirus hat syn Anderlecht dat kontakt ferbean.

Foto: Omrop Fryslân

Neffens de parsefoarljochter David Steegen kinne se net oars. "Het spijt ons, maar we kunnen tot nader order onze spelers niet in contact brengen met anderen. Daarom hebben onze spelers deze week geen contact met journalisten." It hat neffens Steegen net te krijen mei in spiler dy't corona hat. "Maar enkele medewerkers hebben contact gehad met iemand die het virus wel heeft. We kunnen geen enkel risico nemen."

Yn Brussel, de stêd dêr't Vlap fuotballet, binne alle eveneminten ôfsein dy't binnen binne en mear as 1000 taskôgers lûke. Oft de kompetysjeronde yn België snein trochgiet, is noch net dúdlik. Anderlecht spilet in belangrike wedstriid tsjin Sint Truiden.

(advertinsje)
(advertinsje)