Plysje: "Skipper dy't Terhernster slûs stikken fear, hie tefolle drank hân"

11 mrt 2020 - 15:36

De man dy't tiisdeitemiddei mei in frachtskip tsjin de kearslûs by Terherne fear, hie tefolle drank hân. Dat meldt de plysje. De slûs rekke by de oanfarring slim skansearre.

Foto: Rykswettersteat

Nei de oanfarring waard it skip stillein foar ûndersyk en waard de skipper ûnderwurpen oan in alkoholkontrôle. De man blaasde 400 µg/l, wylst mar 220 µg/l tastien is.

De man waard hjirop oanholden foar it yn gefaar bringe fan de algemiene feiligens fan persoanen of guod. De Inspectie Leefomgeving en Transport hat alle sertifikaten fan it skip ynnaam. It skip mei net mear farre.

Trefwurden: 
plysje drank Terherne slûs
(advertinsje)
(advertinsje)