De Waadopera siket sjongers foar koar

11 mrt 2020 - 15:09

Wa't yn it koar fan de Waadopera wol, kin op snein 29 maart meidwaan oan de audysjes. Neffens dirigint en inisjatyfnimmer Arnoud Oosterbaan hoechst gjin ûnderfining mei opera te hawwen. "Het gaat om de juiste mindset, dat je er zin in hebt, goed zelf kunt instuderen en je grenzen wilt verleggen." It koar wurket mei oan de opera tegearre mei topsolisten.

Opera op het Wad - Foto: Van Plan

De opera fertelt it ferhaal oer fiskerman Peter Grimes en toant it libben yn in lytse fiskersmienskip. Dêrfoar wurdt in koar gearstald, besteande út goede amateursjongers en professionals. Dielnimmers moatte wol in bepaald nivo ha, seit Oosterbaan. "Het koor is het volk en er zijn veel volksscènes. Dat betekent dat je als zangers veel op bent en veel uit je hoofd moet doen."

3.500 kaarten ferkocht

De opera wurdt yn septimber útfierd by Peazens-Moddergat. Der is alle kearen romte foar 1.750 besikers en yn totaal binne der fiif foarstellingen. Op it stuit binne der al 3.500 kaarten ferkocht. Oosterbaan ferwachtet dat der minsken út it hiele lân op ôf komme en ek operaleafhawwers út it bûtenlân, bygelyks út Dútslân en Ingelân. "Het is voor het eerst dat deze opera zo groot en in de openlucht wordt uitgevoerd."

Dirigint en inisjatyfnimmer fan de Waddenopera Arnoud Oosterbaan

(advertinsje)
(advertinsje)