Cambuur-NAC Breda mei útpublyk: "We luisteren naar mensen die er verstand van hebben"

De kompetysjewedstriid yn de earste difyzje tusken SC Cambuur en NAC Breda op freedtejûn giet foarearst, krekt as alle oare fuotbalwedstriden bûten Noard-Brabân, gewoan troch mei thús- en útpublyk. Dat hat it fuotbalbûn KNVB woansdeitemiddei nei in spesjale gearkomste oer it coronafirus yn Zeist witte litten.
Supporters fan Cambuur © www.orange-pictures.nl
"Er geldt voor mensen uit Noord-Brabant geen uitreisverbod. Ze mogen dus gewoon de provincie uit en naar Leeuwarden afreizen", seit algemien direkteur fan Cambuur, Ard de Graaf. It trochgean fan de wedstriid is lykwols noch net hielendal wis. "De Veiligheidsregio Fryslân bepaalt uiteindelijk over doorgaan van de wedstrijd", sa seit De Graaf.
De klups út de earedifyzje en earste difyzje kamen byinoar foar in oerlis oer de gefolgen fan it coronafirus. Alle wedstriden yn it betelle fuotbal yn Noard-Brabân foar kommend wykein waarden earder al wol skrast.
"Ik had het wel verwacht, maar hoe dat was ongewis, maar nu is duidelijk dat iedereen er bij kan zijn", fertelt Ard de Graaf. "De mensen in Brabant is gevraagd om aan sociale onthouding te doen als ze zich niet fit voelen, andere mensen mogen reizen. Tenzij Veiligheidsregio Fryslân anders besluit, gaat het door. We luisteren naar de mensen die er verstand van hebben."
Hy ferwachtet dat sa'n 200 oant 300 útsupporters nei Ljouwert komme sille. Oer oare wedstriden tsjin klups ut it suden kin er noch neat sizze. "Na maandag kijken we hoe de situatie er dan voor staat. We willen zolang mogelijk spelen voor publiek, mocht het nodig zijn, dan zoeken we naar een nieuwe datum. In het uiterste geval zullen we zonder publiek spelen."
Ek by de klup binne maatregels nommen út foarsoarch. "Dat zijn de logische dingen, zoals mijd ruimtes met veel mensen zoals de sponsorruimte en mixed zone."
Ard de Graaf