Wrâldbeker ferpleatst fanwege coronafirus; noch langer ûnwissens foar Epke

De ûnwissens foar Epke Zonderland oer pleatsing foar de Olympyske Spelen hâldt noch folle langer oan. De wrâldbeker turnjen fan nije wike yn Doha yn Katar is útsteld fanwege it coronafirus. It ynternasjonale turnbûn hat de lêste wrâldbekerwedstriid no fêststeld foar begjin juny.
Epke Zonderland (argyf) © www.orange-pictures.nl
De grutte konkurrint fan Zonderland, de Japanner Hidetaka Miyachi, stie noch altyd op de dielnimmerslist foar de lêste wrâldbekerwedstriid nije wike. Mar, de ynskriuwing dêrfoar sil opnij opstart wurde. Oant dy tiid bliuwt it foar Zonderland net dúdlik oft it olympyske ticket binnen is. Dat is wis as Miyachi net meidocht oan dy lêste wrâldbeker, dy't no fan 3 oant en mei 6 juny plakhat. Dêrtroch moat Zonderland langer geduld hawwe. Tiisdei sei de Fryske turner noch dat er nije wike wis wêze soe, mar dat is dus net mear it gefal.
De wrâldbeker fan kommend wykein yn Baku yn Azerbeidzjan giet wol gewoan troch. Freed turnet Zonderland de kwalifikaasjes op de rekstok. Snein is dan de finale. Njonken Zonderland komt ek Ljouwerter Rick Jacobs yn aksje yn Baku.