Liet International 2020 annulearre yn ferbân mei coronafirus

11 mrt 2020 - 13:53

Liet International giet dit jier net troch. De Deenske organisaasje hat besletten it Europeesk sjongfestival foar regionale en minderheidstalen te annulearjen fanwegen it coronafirus. Troch de dielname fan 20 bands en solo-artysten út hiel Europa binne de risiko's fan fierdere fersprieding fan it firus op dit stuit te grut.

It festival soe op 3 en 4 april hâlden wurde yn it Deenske Aabenraa. De Deenske organisaasje hat it beslút tiisdei yn oerlis mei Stifting Liet '91 naam. De dielnimmers binne yntusken allegear op de hichte brocht.

"It spyt ús dat wy twongen binne om dit evenemint te annulearjen - sawol foar it publyk, de artysten, ús partners en sponsors en foar ús as organisatoaren. Wy seagen der echt nei út om de 2020- festiviteiten mei dit muzykevenemint te fieren", sa seit wurdfierder Uffe Iwersen fan de organisaasje. "Wy witte noch net oft wy Liet International 2020 op in letter momint organisearje kinne. Kaartsjes dy't al kocht binne wurde fansels fergoede."

Twarres op Liet 2019 - Foto: Omrop Fryslân

Tsjallien Kalsbeek fan Liet

(advertinsje)
(advertinsje)