GGD Fryslân skeakelet oer op Nederlânsk yn berjochtjouwing coronafirus

11 mrt 2020 - 13:35

De coronakrisis is sa slim, dat de GGD Omrop Fryslân net langer yn it Frysk te wurd stean wol. Dat seit de direkteur publike sûnens fan de GGD, Margreet de Graaf. Se hat klachten krigen fan minsken dy't har net begripe as se Frysk praat.

Foto: Omrop Fryslân

De Graaf fynt it belangryk dat minsken dy't net Frysktalich binne, har ek goed begripe kinne, seit se. "Er hebben ons berichten bereikt dat mensen naar Omrop Fryslân kijken nu er wat aan de hand is. We hebben ook afgesproken dat Omrop Fryslân de rampenzender is. Niet dat er nu een ramp is, maar er is wel wat bijzonders aan de hand. Iedereen wil dan graag weten hoe het staat, en dan is het toegankelijker om het Nederlands te gebruiken."

Op dit stuit binne der trije bekende coronabesmettingen yn Fryslân. De GGD is dwaande mei in kontaktûndersyk, dêr't út blike moat oft it firus him fierder ferspraat hat.

(advertinsje)
(advertinsje)