Soad argewaasje oer ekstra kosten nije fytsbrêge Easterwâlde

De fytsbrêge yn it sintrum fan Easterwâlde moat ferfongen wurde, fynt de gemeenteried fan Eaststellingwerf. Mar yn de riedskommisje tiisdeitejûn wie der in soad argewaasje oer de ekstra kosten. Yn novimber 2018 soene de kosten lizze op 250.000 euro, mar dêr komt no noch in ton by op.
De fytsbrêge yn Easterwâlde © Google Maps
Dan is der noch wol aardich besunige op it ûntwerp, want nei de oanbesteging soene de kosten op 425.000 euro lizze. Nei de ynspeksje yn 2016 die al bliken dat de brêge ferfongen wurde moast.

'Gjin sint mear'

Fraksjefoarsitter Herman Zwart fan it CDA is klear mei dit soarte ferrassingen. "De ton zal er wel komen, maar dit moeten we niet meer hebben." Ek Niels van den Berg fan Ooststellingwerfs Belang is it mei Zwart iens: "Een ton mag erbij, maar geen cent meer." De merkprizen lizze substansjeel heger, wêrtroch't de kosten ek heger wurde. "Het was een innoverende manier van aanbesteden en bedrijven hebben werk genoeg", seit wethâlder Esther Verhagen.
It ûntwerp fan de nije brêge draait om de feiligens en tagonklikheid, hy bliuwt twa meter breed. "Het wordt iets minder gelikt, een minder luxe uitstraling, met bijvoorbeeld een kleinere overspanning. Maar de functie blijft hetzelfde", fertelt Verhagen. It is de bedoeling dat de nije brêge foar maaie 2021 klear is.