Plysje warskôget foar panneferkeapers op De Gordyk

11 mrt 2020 - 12:59

De plysje East-Fryslân warskôget op sosjale media foar panneferkeapers op De Gordyk. De mannen binne mooglik oplichters. De plysje hat woansdeitemoarn al ferskate meldingen hân.

Foto: Plysje

De mannen ride yn in swarte bestelauto. Minsken dy't de mannen of de auto sjogge wurdt frege om kontakt op te nimmen mei de plysje fia it nûmer 0900-8844.

(advertinsje)
(advertinsje)