Nij Smellinghe hâldt 11 meiwurkers yn 'e gaten nei kontakt mei besmette pasjint

11 mrt 2020 - 12:56

Tiisdeitemoarn waard bekend dat in 78-jierrige man fan Drachten it coronafirus hat. Hy hat opnaam west yn sikehûs Nij Smellinghe. Mar wat betsjut dat foar it sikehûs? En sil de GGD ekstra maatregels nimme yn Fryslân om fierdere fersprieding te foarkommen?

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Margreet de Graaf fan de GGD Fryslân

De man hie op famyljebesite west yn Noard-Brabân. Werom yn Fryslân krige er sykteferskynsels. Nei oerlis mei de húsdokter is er dochs yn it sikehûs opnaam. "Tijdens zijn opname is hij getest op influenza en corona. Dat zijn standaardtests", seit Margreet de Graaf fan GGD Fryslân. Dêr die út bliken dat hy it coronafirus hat. "Gelukkig is hij aan beterende hand. Dinsdag is hij weer naar huis gegaan, waar hij verblijft in thuisisolatie." De frou fan de Drachtster wurdt no ûndersocht op it firus.

Friezen moatte sosjaal kontakt ek beheine

De Graaf ropt Friezen no ek op om de sosjale kontakten te beheinen. Friezen dy't famylje hawwe yn Brabân wurdt oanret haren net op te sykjen.

It kontakûndersyk fan alle bekende Fryske coronabesmettingen rint noch. "Daar heb ik nog geen informatie over. Ik verwacht dat het een dezer dagen duidelijk wordt als daar een positieve test uitkomt."

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust praat mei Bert Kleinlugtenbeld fan Nij Smellinghe

Bert Kleinlugtenbeld fan Nije Smellinghe: "De man kwam maandagavond binnen op de Spoedeisende Hulp met een luchtweginfectie en koorts. Hij is met speciale voorzorgsmaatregelen verpleegd. Hij is onmiddellijk getest, maar dan duurt het nog even tot de uitslag er is."

Nei't de man ûntslein wie út it sikehûs, die bliken dat syn test posityf wie. "Toen is hij gebeld en werd hem opgedragen om thuis te blijven." De GGD hat dêrnei de soarch foar de man op him naam.

Alve meiwurkers yn 'e gaten hâlden

Mar wat betsjut it foar it sikehûs dat der in coronpasjint binnen west hat? "We zijn in het ziekenhuis grondig aan het onderzoeken of hier besmettingen plaats hebben gevonden", seit Kleinlugtenbeld. "Je moet allerlei partijen inseinen, maar je moet in het ziekenhuis ook goed op zoek naar andere besmettingsgevallen."

Twa oare pasjinten yn it sikehûs wurde ek ûndersocht op it firus. Alve meiwurkers fan it sikehûs wurde yntusken yn 'e gaten hâlden. Harren temperatuer wurdt elke dei twa kear opnaam. Mooglik wurde sy letter noch testen.

It sikehûs bliuwt foarearst gewoan iepen. "We zien geen risico's voor het ziekenhuisfunctioneren van Nij Smellinghe." Soarchpersoniel soe fan tongersdei ôf oproppen wurde om thús te bliuwen as sy siik binne, ek by hiele lichte klachten.

Margreet de Graaf fan de GGD Fryslân

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)