Aksjefierders rinne fan Ljouwert nei Den Haag út protest tsjin asylbelied

11 mrt 2020 - 12:31

Aksjefierders fan de 'March for Action' sille fan freed ôf yn seis dagen fan Ljouwert nei Den Haag rinne om te protestearjen foar in humaan Europeesk asylbelied. De aksjefierders nimme op de skouders deadskisten mei as symboal foar de tûzenen slachtoffers dy't oant no ta foelen oan de EU-grinzen. De aksje wurdt organisearre troch Stichting MiGreat.

Foto: Stichting MiGreat

De aksjefierders sette de tocht freedtemoarn om 09.30 oere útein by it Provinsjehûs yn Ljouwert. Se hoopje om 14.00 oere yn Frjentsjer te wêzen en rinne dêrnei fia Harns nei Surch, de einbestimming fan de earste dei. De aksjefierders roppe minsken op om mei te rinnen of te fytsen, of de meirinners oan te moedigen.

De aksjefierders hoopje nije wike woansdei oan te kommen yn Den Haag. Om 19.00 oere stiet dêr dan in demonstraasje op it programma op de Laan van Reagan en Gorbatsjov.

(advertinsje)
(advertinsje)