Earste ljipaaien fan Dantumadiel en Noardeast-Fryslân fûn

11 mrt 2020 - 14:16

Jan Nutma fan De Lytse Jouwer en Harry Wijbrands fan Molkwar hawwe woansdeitemoarn it earste ljipaai fan de gemeente Dantumadiel fûn. It aai waard fûn yn in greide ûnder it Dokkumer Grutdjip. Ek it earste ljipaai fan Noardeast-Fryslân waard woansdei fûn troch twa freonen. Harry de Boer fan Dokkum en Anne Brandsma fan Damwâld fûnen it aai yn in greide boppe Aldwâld.

Jan Nutma en Harry Wijbrands by it earste ljipaai fan Dantumadiel - Foto: Bond Friese Vogelwachten

Sawol yn Dantumadiel as yn Noardeast-Fryslân seagen de aaisykers it aai tagelyk en dus binne se tegearre winner. It frije fjild fan Dantumadiel en Noardeast-Fryslân is no dus sletten.

(advertinsje)
(advertinsje)