Twa oanfarringen yn ien jier: Rykswettersteat ûndersiket fuortheljen kearslûs Terherne

Rykswettersteat ûndersiket oft de kearslûs yn it Prinses Margrietkanaal by Terherne net better fuorthelle wurde kin. Dat meldt in wurdfierder. De kearslûs rekke tiisdei slim skansearre by in oanfarring mei in frachtskip. In jier lyn fear der ek al in skip tsjin de slûs.
Dûkers ha in ynspeksje dien by de slûs. Dêrút docht bliken dat der ûnder wetter gjin obstakels lizze. Skippen kinne de slûs stadich foarbyfarre.
De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de oanfarring.
De skea wurdt wol hersteld, meldt Rykswettersteat, omdat dat nedich is foar de feiligens op it wetter, mar der wurdt wol ûndersocht oft de slûs op termyn fuorthelle wurde kin. Neffens Rykswettersteat is de slûs al in skoft bûten gebrûk, en hat er gjin wetterkearende funksje.
It is net foar it earst dat de slûs skansearre rekket. Amper in jier lyn wie der ek in oanfarring mei in frachtskip. Doe like de skea minder grut.