Landgoed Lauswolt útroppen ta bêste golfresort fan Nederlân

Landgoed Lauswolt yn Beetstersweach is troch Leading Courses útroppen ta bêste golfresort fan Nederlân. Leading Courses makket in list dy't basearre is op de beoardielingen fan golfers.
De golfbaan yn Beatstersweach © Landgoed Lauswolt
Op de wrâldwide ranglist stiet Lauswolt op it 49e plak. De list wurdt sûnt 2016 publisearre. Elke moanne meitsje der 400.000 golfers gebrûk fan de webside. Direkteur Marc van Gulick is dan ek út de skroeven. "Het is hét platform voor golfers waar ze hun mening achterlaten; dat wij uitgeroepen worden tot beste golfresort van Nederland is fantastisch!", sa seit er.
Lauswolt beskikt oer fjouwer holes fan mear as 400 meter. Dat is in seldsumheid yn binnen- en bûtenlân.