Eaststellingwerf hat noed oer de busplannen fan de provinsje

11 mrt 2020 - 11:02

De gemeente Eaststellingwerf hat noed oer it iepenbier ferfier yn de gemeente. It kolleezje ûnderfynt de plannen fan de provinsje as in dúdlik efterútgean fan it iepenbier ferfier.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De gemeenteried krijt net de kâns om der wat fan te finen, om't it kolleezje de tekst fan de sjenswize fan it Ontwerp Programma fan Eisen iepenbier ferfier Fryslân 2022-2023 noch oan it feroarjen is. De ried moat der op fertrouwe dat it kolleezje op de korrekte wize de noed ûnder wurden bringt. Wolter Slager fan Wij Lokaal fûn it programma fan easken "bedroevend".

De provinsje hat 13 kearnen fergetten op te nimmen op de list wêr't de nije busferfierder trochhinne ride moat. Neffens Deputearre Steaten hâldt elke kearn, dy't no in ferbining hat mei it iepenbier ferfier dy ferbining ek.

Bussen ride minder

De frekwinsjes wêrmei't de bussen tusken Easterwâlde nei Drachten en It Hearrenfean ride, wurdt yn it foarstel fan de provinsje in stik minder. Wethâlder Marcel Bos hat net in goed gefoel oer it plan, "maar we zitten er boven op", sa seit hy.

Bos fynt de mobiliteit en berikberheid foar Eaststellingwerf fan krúsjaal belang. Hy ropt doarpsferieningen en oaren dy't harren oansprutsen fiele op om nei de provinsje te skriuwen. Nei 17 maart wurdt it programma fan easken oanpast en definityf. Fan 2022 ôf giet de nije buskonsesje yn.

(advertinsje)
(advertinsje)