Grinslanners lilk oer 'fuortjaan' Skier: "Over honderd jaar is Schier Gronings"

11 mrt 2020 - 10:33

GemeenteBelangen Het Hogeland is lilk dat der wer in stikje grûngebiet nei de provinsje Fryslân giet. Dat meldt RTV Noord. Op fersyk fan Fryslân wurdt der by Skiermûntseach in grinskorreksje trochfierd. It eilân skoot oan de eastkant troch eb en floed stadichoan de gemeente Het Hogeland yn Grinslân binnen.

Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

It part fan Skiermûntseach dat yn de provinsje Grinslân leit is 2,8 hektare grut. "Wat ons betreft mag het eiland onder het bevoegd gezag van de provincie Groningen en de gemeente Het Hogeland komen. Denk aan een soort Hong Kong-constructie. Over honderd jaar is Schier Gronings", seit fraksjefoarsitter Roel Torringa fan GemeenteBelangen Het Hogeland.

Deputearre fan de provinsje Grinslân Fleur Gräper kin har dêr net yn fine. "Het is een formele wijziging, om te voorkomen dat bij rampen voor dat deel de Veiligheidsregio Groningen zou worden ingeschakeld. Op deze manier is het weer netjes geregeld met Friesland", seit de deputearre.

Underfining mei eilannen

Torringa fynt dat gjin goede reden. Neffens him kin de gemeente Het Hogeland best wol beslissingen nimme oer it stik Skiermûntseach dat no yn Grinslân leit. "Wij beschikken al over eilanden zoals de Rottums. Beheer van dit stuk aan de oostkant was volgens ons geen obstakel of bestuurlijke belemmering. Helaas hebben wij de onderhandelingen met de verschillende overheden niet gewonnen", sa seit Torringa.

It is foar de lokale partij sels sa belangryk dat it in stânpunt wie by de gemeenterieferkiezings. Yn harren ferkiezingsprogramma stie dat der gjin grinskorreksjes mear komme mochten. Doe de partij yn it kolleezje kaam is dit dêrnei net yn it kolleezjeprogramma kaam. "Eigenlijk had dat nu wel gemoeten", sa seit Torringa.

(Advertinsje)
(Advertinsje)