Coronanijs woansdei 11 maart: Man yn Drachten (78) hat coronafirus; GGD skeakelet oer op Nederlânsk

11 mrt 2020 - 18:00

Yn Drachten is woansdei it tredde gefal fan coronafirus fêststeld. It giet om in 78-jierrige man, dy't op famyljebesite west hie yn Noard-Brabân. Hy sit op dit stuit yn thúsisolaasje. Al it nijs fan woansdei oer it firus fynst werom yn dit liveblog. It oantal coronabesmettingen yn Fryslân stiet no op 3. Tiisdei waarden de earste twa gefallen fêststeld. In pear fan De Gordyk is besmet mei it coronafirus en sit yn thúsisolaasje.

17:53
Sluten fan liveblog

We slute dit liveblog foar no. Tank foar it folgjen. Mocht der nijs wêze dan is dat te folgjen op www.omropfryslan.nl

17:03
Oersjoch fan de dei:
15:47
NVM: Gjin Open Huizen Dag op 28 maart

De NVM Open Huizen Dag op 28 maart giet oer fanwegen it coronafirus om fierdere útwreiding fan it tal besmettingen foar te kommen.

15:43
Domino's besoarget pizza's 'kontaktleas' om coronafirus

Domino's besoarget fan dizze woansdei ôf pizza's 'kontaktleas' oan hûs. By in bestelling kinne klanten oanjaan dat se gjin fysyk kontakt mei de besoarger ha wolle. De besoarger set de tas mei it iten foar de doar en giet in pear meter achterút. It beteljen giet fia ynternet.

15:33
De Hollandse 100 giet net troch

De organisaasje fan De Hollandse 100 hat besletten it evenemint op snein 15 maart by Thialf op It Hearrenfean net trochgean te litten fanwegen it coronafirus. Dielnimmers soenen 10 kilometer reedride en 90 kilometer fytse.

In part fan de dielnimmers oan De Hollandse 100 bestiet út minsken mei fermindere wjerstân, lykas (eks-)pasjinten mei lymfeklierkanker, dokters en ferpleechkundigen. Mei it barren wurdt jild ophelle foar ûndersyk nei lymfeklierlkanker. It soe dit jier de sechsde edysje wêze. De teller stie dit jier al op mear as twa ton.

Yn 2018 is der mear as trije ton ophelle by it evenemint op Thialf.

15:26
Omrop Fryslân net op besite by Michel Vlap troch coronafirus

Omrop Fryslân kin net nei België ôfreizgje om Michel Vlap te besykjen. Yn it ramt fan de Wedstrijd fan de Wike soe dêr in reportaazje makke wurde oer de Snitser, mar troch it coronafirus hat Anderlecht dat kontakt ferbean.

Yn Brussel, de stêd dêr't Vlap fuotballet, binne alle eveneminten dy't binnen binne en mear as 1000 taskôgers lûke ôflast. Oft de kompysjeronde yn België snein trochgiet, is noch net dúdlik. Anderlecht spilet in belangrike wedstriid tsjin Sint Truiden.

15:23
Cambuur - NAC Breda giet foarearst gewoan troch mei útpublyk

De kompetysjewedstriid freedtejûn yn de earste difyzje tusken SC Cambuur en NAC Breda giet foarearst, krekt as alle oare fuotbalwedstriden bûten Noard-Brabân, gewoan troch mei thús- en útpublyk. Dat hat it fuotbalbûn KNVB woansdeitemiddei nei in spesjale gearkomste oer it coronafirus yn Zeist witte litten.

15:14
Staatsbosbeheer seit ekskurzjes ôf

Staatsbosbeheer seit alle ekskurzjes de kommende trije wiken ôf fanwegen it coronafirus. De maatregel jildt foar hiel Nederlân en is nommen "út foarsoarch".

Minsken dy't in ekskurzje boekt ha, krije har jild werom. Ek gearkomsten mei groepen minsken geane oant en mei 3 april net troch.

14:42
Hotelsektor fernimt gefolgen coronafirus ek

De hotelsektor wurdt ek yn Fryslân hurd troffen troch de coronakrisis. Gearkomsten fan bedriuwen wurde ôfsein, oernachtingen wurde annulearre. En foaral: it bliuwt hiel stil mei nije boekingen yn april en maaie. Bygelyks by it WTC Hotel yn Ljouwert kinne se dat goed fernimme. Yn de krisis fan 2008 wie it slim, mar neffens de bedriuwslieder yn Ljouwert is dit fan noch in hiele oare oarder.

Post Plaza yn Ljouwert sprekt fan Alarmfaze 1. Dat betsjut dat personiel dat no net nedich is, safolle mooglik mei fakânsje stjoerd wurdt. Herman Schreuder fan Post Plaza hâldt alle dagen it nijs oer it coronafirus yn de gaten. "Momenteel komen de gasten gelukkig nog, maar wat we wel zien is gasten hun bezoek in de komende maanden uitstellen. Zakelijke afspraken gaan niet door. Als er niet gereisd kan worden, kunnen er in april en mei minder gasten komen. Personeel zal dan extra vakantiedagen moeten opnemen."

De grutte ynternasjonale oefening Frisian Flag op de fleanbasis yn Ljouwert liket foarearst noch wol troch te gean. De Italianen komme net. Beide hotels binne dêr tige wiis mei, omdat der dan in soad keamers beset binne.

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)